Yngrediinten:
2 winterwoartels
4 sipels
500gr. griene koal
2 ierappels
500gr. knolselderij
150gr.ham yn dobbelstientsjes
100gr.bûter
2l.bûljon
16 stikjes bôlle sûnder koarst
2 dl. rjemme
snij de griente en ierappels lyts en stoof dizze mei de hamstientsjes 15 min. yn de bûter sûnder dat dit in kleurke kriget. jit dan de bûljon d’r oer, bring de sop oan ‘e soad en lit dit 30 min. sunich trochsiede.
doch d’r wat piper en sâlt by.
liz yn fjoerfêste skalen stikjes bôlle en skep hjirop de sop en dan komt d’r noch in kear bôlle boven op.
skink hjirop de rjemme en lit de sop in pear minuten ûnder in hite grill gratinearje.