Yn in sigarewinkel kocht er it lot.
Jo witte it mar nea, dat sadwaande.
Syn Belgysk wiif sei; do bist in sot.
Wer bisto einliks mei dwaande.
Wat kostet it ús wol net.
En nea ha wy in priis.
Jild weismite wat in ferlet.
Man do bist net wiis.
De sifers kamen op papier.
It lot hâlde er yn'e bûse.
Minske wat hasto altyd in gemier.
Mei al dat jild kinsto ek lekker koese.
Sa gie er nei syn geit ta.
Sille wy ris prate; hiel ferstannich?
Mei myn wiif kin ik soks net ha.
By syn geit wie er altyd grutmannich.
Nei in wike wie it einliks safier.
Kinsto de sifers ek efkes foar my oplêze?
Neffens my ha we priis, sei er blier.
Mar wêr soe dat ferrekte lot no wêze!
Do domme duvel, sei syn wiif.
Ha we in priis is hy syn lot kwyt.
Neffens my hat dy geit it yn't liif.
Fergeemje, sei de man sniewyt.